Nederlân nei finale play-offs foar WK fuotbal

Nederlân is troch nei de finale fan de play-offs foar it WK fuotbal 2019. De Oranje Liuwinnen, mei de Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts yn de basis, wûnen mei 2-1 yn Denemarken. Dat wie mear as genôch, want Nederlân wûn freed yn Breda de earste wedstriid ek al mei 2-0. Yn de finale fan de play-offs spilet Nederlân tsjin Switserlân.
Sherida Spitse © www.orange-pictures.nl
Yn it Deenske Viborg kaam it gastlân betiid op foarsprong. Dominique Bloodworth begie in oertrêding yn it strafskopgebiet en Nadia Nadim skeat mei in strafskop de 1-0 binnen.
Lang duorre de efterstân net foar Nederlân, want twa minuten letter makke Lineth Beerensteyn de gelykmakker. Op in perfekte foarset fan Jackie Groenen kopte se Nederlân op 1-1. Sherida Spitse wie sels ticht by de 1-2, mar fia de fingers fan de Deenske doelfrou einige har skot op de latte.

Twadde helte

Yn de twadde helte wie Denemarken ferskate kearen ticht by in nije foarsprong. Pernille Harder skeat oer en letter kearde Hichtumer Loes Geurts in ynset fan dyselde Harder.
Yn blessueretiid, doe't Nederlân eins al wol wis wie fan in finaleplakje, makke Beerensteyn sels noch de 1-2. Dat die se nei't Denemarken in corner fan Nederlân net goed fuortwurke.

Geurts út Hichtum wichtich

De Fryske keepster fan Nederlân, Loes Geurts, wie ferskate kearen wichtich mei in rêding. "Dat ik een paar ballen pak, daar sta ik voor", sei de 119-fâldich ynternasjonal nei ôfrin.
Ik ben met zoveel plezier teruggekomen.
Loes Geurts oer har comeback by Nederlân
Geurts keepte freed ek al tsjin Denemarken, mar dat wie foar it earst sûnt juny 2017. "Na een tijdje gestopt te zijn, ben ik met zoveel plezier teruggekomen. En het gaat ook goed."
Wêrom hat se no safolle wille? "Ik ben vrijer in m'n hoofd. Voetbal is niet meer het belangrijkste in m'n leven en daarom kan ik er nu meer van genieten."
It ôfrûne jier wie Sari van Veenendaal altyd basiskeepster foar Nederlân, mar sy is op it stuit net hielendal fit. Wa stiet der yn de play-offfinale ûnder de latte? "Dat is aan de bondscoach", seit Geurts. "Ik doe gewoon m'n best. Als het nodig is, dan sta ik er."
Loes Geurts © www.orange-pictures.nl

Finale tsjin Switserlân

De tsjinstanner yn de twa finalewedstriden wurdt Switserlân. Dy spilen twa kear gelyk tsjin België: earst 2-2 yn België en tiisdei 1-1 yn Switserslân. Om't de Switsers mear útgoals makke ha, geane sy troch nei de finale.
De finalewedstriden tusken Nederlân en Switserlân binne tusken 5 en 13 novimber. De winner fan de play-offfinale pleatst him foar it WK, dat yn juny en july 2019 yn Frankryk holden wurdt.
Nederlân waard yn de kwalifikaasjepûl foar it WK twadde efter Noarwegen. Dêrom hat Nederlân har net direkt pleatst foar it WK, mar moat it fia de play-offs barre. De play-offs besteane út in heale finale (wêryn't Nederlân dus tsjin Denemarken spile) en in finale.