Wâldwei is wer hielendal iepen, gjin file mear

09 okt 2018 - 19:26

De Wâldwei is wer hielendal frij. Nei in ûngelok by Nyegea wie de dyk oerenlang ôfsletten, wêrtroch't in lange file ûntstie. Om 19.00 oere hinne wie de dyk wer frij en doe wie de file ek gau wer foarby.

Foto: Google Street View

De file wie op in gegeven momint goed njoggen kilometer lang en stie fan de ôfslach Ljouwert-East oant de ôfslach Garyp.

Trefwurden: 
N31 Wâldwei file
(advertinsje)