Theo Mulder: 'bokashi' as oplossing om lânbougrûn én grientetún wer sûn en fitaal te krijen

In sûne grûn soarget foar in sûner libben. Dat stelt agrarysk ûndernimmer Theo Mulder fan Kollumersweach, dy't de earste Soil Food Week fan Fryslân organisearret. Fan woansdei 10 oktober ôf steane Easterwâlde en Drachten trije dagen lang yn it teken fan boaiem, iten en sûnens.
Petear Fryslan Hjoed Theo Mulder
Neffens Mulder binne boaiem, iten en sûnens ûnskiedber. "Wy ha in fruchtbere grûn nedich om ús iten en gewaaks ferbouwe te kinnen. Dêrom moatte wy goed mei ús grûn omgean, mar troch de hjoeddeistige bedonging en boaiembewurking stiet de kwaliteit fan ús iten ûnder druk en dat wurdt hieltyd slimmer."
Minister Carola Schouten fan Lânbou, natoer en foedselkwaliteit seit ek dat de wize dêr't wy iten op produsearje út balâns rekket. De Nederlânske lânbousektor moat neffens har op de skeppe. Boeren moatte net langer sa goedkeap mooglik produsearje, mar begjinne mei in kringlooplânbou. Dat betsjut mear kij yn it lân en ophâlde mei keunstdong. En Mulder hat dêr in oplossing foar.

Geheimen fan in fruchtbere boaiem

Al goed tweintich jier is Mulder dwaande mei ferskate wizen fan hoe't wy mei ús boaiem omgean moatte. "Dat wie nei't ik it boek 'De geheimen van de vruchtbare bodem' fan Erhard Henning lêzen ha."
Hy seach troch dat boek dat minsken minder ferbûn binne mei harren iten en de wize wêrop't it groeit en produsearre wurdt. "Foaral myn blik op it gebrûk fan keunstdong en de neidielen dy't it mei him meibringt foar de boaiem, is feroare sûnt ik it boek lêzen ha."

Keunstdong fersteurt de balâns

Fosfor, kalium, kalsium, stikstof en magnesium: it binne stoffen dy't yn keunstdong sitte. It is allegear net biologysk fan oarsprong, mar soarget der wol foar dat planten hurder groeie. It liket dêrtroch dat it goed is foar de grûn, mar it tsjinoerstelde is wier.
Troch it sâltgehalte yn de keunstdong rekket de grûn in protte natoerlike grûnstoffen kwyt. It lûkt in protte focht út de grûn en dêrtroch is it foar bistkes net mear mooglik om yn dy grûn te libjen. En dy soargje der just foar dat in boaiem sûn en fruchtber bliuwt.

Bokashi

Theo Mulder hat in oplossing om útputten grûn te werstellen: bokashi. Hy reizge de hiele wrâld oer om agrariërs op te sykjen yn bygelyks Kanada, Nij-Seelân, Súd-Amearika en Noard-Koreä. Hoe gean dy mei harren grûn om? Yn Noard-Koreä makke hy kennis mei bokashi. It is Japansk foar 'goed fermintearre organysk materiaal'.
"Kinst it fergelykje mei soerkoal, mar net mei wite koal mar dan mei alle soarten griente, fruit of túnôffal. Troch it taheakjen fan molksoerbaktearjen en it luchtticht ferpakken fan it gft-ôffal behâldt it in hege fiedingswearde. Wat dêrnei hiel goed is foar de grûn", seit Mulder.
Hy hat tegearre mei it bedriuw Agriton út Noardwâlde dizze konservearringstechnyk nei Fryslân brocht.
Hendrika Mulder lit sjen hoe't je sels thús bokashi meitsje kinne

Driuwdong en hekkeljen

It ynsetten fan Bokashi op grutte skaal: dat is wêr't Mulder úteinlik nei ta wol. "It is mar in simpele oanpassing wat foar in hiel soad ferskil soargje kin. Boeren dy't bygelyks hekkelje. Dat is poer geskikt materiaal om molksoer oan ta te heakjen om dêrnei wer oer it lân hinne te goaien", seit Mulder.
"Of nim no driuwdong. It wurdt no opslein en ferrottet foardat de dong oer it lân sproeid wurdt. As de boeren der foar soargje dat se fermintearre dong oer it lân smite, dan skeelt dat al in hiel soad yn de fruchtberheid fan de grûn."
Theo Mulder is foarsitter fan Symphony of Soils © Hendrik & Theo Mulder yn harren Agrowinkel

Soil Food Week

Fan 10 oant en mei 13 oktober wurdt de Soil Food Week holden en Omrop Fryslân is derby. Woansdei 10 oktober stjoert de Omrop in reportaazje út oer studinten dy't spesjaal foar dizze wike in plestik hynder makke ha, dy't troch de grêften fan Ljouwert farre sil. Op 11 oktober binne wy by it kongres Symphony of Soils dêr't saakkundigen fan oer de hiele wrâld fertelle oer it belang fan in sûne boaiem.