Fryske Anke Dijkstra is har breidsjurk kwyt

09 okt 2018 - 17:27

Tink dy ris yn: freed is dyn grutte dei. Dyn brulloft. Alles is eins klear. De fotograaf hat it roltsje leech en hat de finger traind om tûzenen plaatsjes te sjitten. De sipeltsjes, salade en paprika's binne al snien foar it lekkere diner foar de jûn. De breidsfamkes ha de jurkjes oan en de band hat de hiele wike oefene op dyn favorite nûmers.

Breidsjurk - Foto: Pxhere

Mar ien ding is net yn oarder. Want wat is foar de 'measte' froulju no hiel, hiel, hiel belangryk op sa'n dei? Krekt, de breidsjurk! En lit dy no kwyt wêze. Of kwyt... net besoarge yn elts gefal.

Dat is der oan 'e hân by Anke Dijkstra. Anke komt oarspronklik fan Stiens, mar wennet no yn Amsterdam en sy hat in grut probleem.

Anke Dijkstra is har breidsjurk kwyt

"Ik hie de jurk online besteld út Australië en dy wie begjin septimber al oankommen", fertelt se. "Mar der barde net sa'n soad op de Track&Trace, dus besleat ik de klanteservice te beljen. De jurk wie al frijjûn troch de dûane. It soe dan noch maksimaal 15 wurkdagen duorje moatte. Mar ik seach noch hieltyd neat feroarjen op de Track&Trace."

"Doe't ik PostNL wer oan de line hie, seinen se dat se net wisten wêr't it pakket wie. In oar persoan sei wer dat it noch wol 30 dagen duorje soe. Wer in oar sei dat de jurk ôfrûne freed besoarge wurde soe."

Anke waard dus fan 'e muorre nei it sket stjoerd. Mar yntusken komt har brulloft hieltyd tichterby. No hat Anke wol in reservejurk, mar se wol fansels har spesjale jurk út Australië oan.

Dochs goed nijs foar Anke Dijkstra

Goed nijs

Der liket dochs noch hoop te wêzen. Omrop Fryslân hat kontakt hân mei Yvonne, dy't by de backoffice fan PostNL yn Fryslân wurket. Yvonne wie sa aardich om efter har kompjûter te dûken en se seach dat in Fryske kollega fan har der behoarlik mei oan de gong west hie foar Anke.

Dy kollega hie hiel goed nijs. Anke har jurk út Australië is terjochte en wurdt woansdei einliks by de breid besoarge! Krekt op tiid foar de brulloft dus.

(advertinsje)