Wurk oan spoar soarget kommende moannen foar oerlêst reizgers

Om't de treinen tusken Ljouwert en Grins hieltyd drokker wurde, komt der in ekstra sneltrein yn de oere op it trajekt te riden. Mar dêrfoar moat der wol in soad oan it spoar ferboud wurde.
Wurk oan spoar soarget kommende moannen foar oerlêst reizgers
Dy wurksumheden binne nedich om de feiligens te garandearjen. In ekstra trein betsjut in swierdere belesting fan it spoar, wêrtroch't de regels ek stranger wurde. Om dêr oan te foldwaan, wurde by Grins en Hurdegaryp de spoaroergongen hielendal ferfongen troch tunnels.
Dêrneist komt der tusken Grins en Zuidhorn op in stik fan acht kilometer in dûbeld spoar, dêr't treinen elkoar passearje kinne. Yn Zuidhorn sels komt der ek noch in nije betonnen spoarbrêge. Op de âlde, stielen brêge wie gjin romte foar twa spoaren en mei dizze betonnen oplossing wurdt ek de lûdsoerlêst fermindere.
in trein rydt by de wurksumheden yn Hurdegaryp del © Jeroen Boersma, Omrop Fryslân
Troch de wurksumheden giet it spoar de kommende moannen ek in skoft op slot. Dat is net foar te kommen, om't guon dielen fan it spoar hielendal fuorthelle wurde moatte by de wurksumheden.
De data wêrop't de treinen net ride tusken Grins en Ljouwert:
Op dizze data wurde bussen ynset troch Arriva.