Wad'npartij hâldt stil protest tsjin ôffaloven Harns

De Wad'npartij organisearret sneontemiddei in stil protest tsjin de ôffaloven fan Omrin yn Harns. Dêrmei wolle se oanjaan hoe machteleas de minsken binne wat de luchtfersmoarging fan ôfrûne wykein oanbelanget.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Op sneon wie der in steuring yn de oven en dy soarge foar stjonkerij. De steuring ûntstie nei in saneamde tsjettellekkaazje.
De tocht begjint om twa oere by it stedhûs fan Harns.