Wâldwei by Nyegea ticht nei ûngelok

09 okt 2018 - 16:19

De Wâldwei by Nyegea is ticht yn eastlike rjochting nei in ûngelok mei in bestelbuske. De bestjoerder dêrfan rekke de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn de fangrail. Der leit in protte rommel op de dyk en dat kin noch wol even duorje. Der stiet yntusken in file fan goed njoggen kilometer by de ôfslach Garyp.

De file stiet op de N31 sels, mar ek op de ôfslach stiet it ferkear stil. It ferkear nei Drachten ta moat omride oer It Hearrenfean.

Hoe't it mei de bestjoerder fan it bestelbuske is, is net dúdlik. De bestjoerder is nei it sikehûs ta brocht.

Foto: Google Maps

In saneamde 'zoabcleaner' rydt troch de file hinne nei it plak fan it ûngelok. It is de bedoeling dat dy de dyk wer skjinmakket.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Wâldwei file
(advertinsje)