Cambuur ferliest oefenwedstriid fan AZ

Sportklup Cambuur hat de oefenwedstriid op besite by AZ mei 1-0 ferlern. Op it AZ-trainingskompleks yn Wijdewormer makke Richard Sedlacek de iennige goal.
Beide teams spilen mei in protte spilers dy't de ôfrûne wiken faak wikselspiler wiene. Cody Claver en Julian Calor hienen grutte kânsen op de 0-1, mar sy misten. Cambuur-keeper Pieter Bos kearde in skot fan Ferdy Druijf.
In lyts kertier nei it skoft makke Sedlacek op oanjaan fan Vince Gino Dekker de 1-0. Karim Rossi hie noch wol in kâns op de gelykmakker, mar hy skeat de bal yn it sydnet.
Trainer René Hake neamt de wedstriid op de clubwebside nuttich: "Want we hebben de meeste reserves negentig minuten kunnen laten spelen." De spilers dy't net yn aksje kamen, trainden op it kompleks fan AZ.
Takom snein spilet Cambuur in kompetysjewedstriid, út tsjin Sparta.