CDA-fraksjefoarsitter Boelsma kandidaat-wethâlder De Fryske Marren

09 okt 2018 - 15:53

It CDA yn De Fryske Marren skoot fraksjefoarsitter Luciënne Boelsma nei foaren as kandidaat-wethâlder. Se soe Janny Schouwerwou opfolgje moatte, dy't fanwege har sûnens ophâldt as wethâlder.

Foto: CDA De Fryske Marren

Boelsma is mei har tredde termyn dwaande as riedslid foar it CDA yn De Fryske Marren. Neffens de partij hat se op in goede en positive manier ynfolling jûn oan de funksje fan fraksjefoarsitter.

Se ken de gemeente en it politike klimaat goed, seit bestjoersfoarsitter Gerben Veenstra. Boelsma stiet midden yn de mienskip en ken in soad minsken. Dêrom is se by útstek de geskikte persoan om as wethâlder oan de slach te gean.

De gemeenteried moat úteinlik beslute oft Boelsma ek echt wethâlder wurdt. Mocht dat gebeure, dan wurdt Jan van Zanden de nije fraksjefoarsitter fan it CDA yn De Fryske Marren.

(advertinsje)