Buis op strân Skylge yn striid tsjin wetterkrassula

09 okt 2018 - 15:27

Yn opdracht fan de provinsje is op it strân fan Skylge in grutte buis dellein om de wetterkrassula te bestriden. De wetterkrassula is in agressive woekerplant, dy't bysûndere plantesoarten ferkringt. Salang't se op it eilân dwaande binne mei de striid tsjin de krassula, bliuwt de buis lizzen.

Foto: Gemeente Skylge

De buis giet oer de dunen hinne, mar op it strân wurdt de buis yngroeven. Der komme op it strân wol warskôgingsbuorden, om't it sân op dy plakken sêfter wêze kin.

De funksje fan de buis is it drûch hâlden fan de dúnfalleien, dêr't de krassula sit. De krassula is nammentlik in wetterplant.

Grûn ôfgroeven

Ferline wike binne se op Skylge begûn mei de tariedingen op it fuortheljen fan de wetterkrassula. Yn de besmette gebieten Grote Plak en Klein Meisterplak wurdt fan 22 oktober ôf fjirtich sintimeter grûn ôfgroeven.

Dy grûn wurdt fuortstoppe yn in drûch dún flakby. Wetterkrassula kin dêr net groeie, omdat de plant syn gerak allinne krijt yn fochtige grûn.

De besmette grûn wurdt ynpakt yn woarteldoek en ôfdutsen mei in laach skjin sân, sadat de plant him net fierder ferspriede kin.

Mear gebieten ôfsletten

De wetterkrassula is ek fûn yn Groot Meisterplak en Waterplak op Skylge. Dy gebieten binne ek ôfsletten, om fierdere fersprieding foar te kommen.

(advertinsje)