Ald-trainer Streppel fan Hearrenfean nei Syprus

09 okt 2018 - 15:15

Ald-Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel kin oan de slach op Syprus. Hy is de belangrykste gadingmakker om haadtrainer te wurden fan Anorthosis Famagusta, de nûmer acht fan dit stuit fan de Syprioatyske kompetysje. Streppel stapte ôfrûne simmer op nei twa jier by Sportklup Hearrenfean.

Jurgen Streppel - Foto: www.orange-pictures.nl

By Anorthosis Famagusta spilet ûnder oare Danijel Pranjic, dy't earder by Hearrenfean spile. De klup hopet de ûnderhannelings mei Streppel sa gau mooglik ôf te ronden.

(advertinsje)