Motorrider ferwûne by botsing mei auto by Drachtsterkompenije
In motorrider is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in botsing op de Folgersterloane by Drachtsterkompenije.
De motorrider en in auto botsten op elkoar doe't de auto in hiem fan in wenning oan de strjitte opride woe. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.