Opsterlân wiist natuerorganisaasjes op min ûnderhâld fytspaden

09 okt 2018 - 14:08

De gemeente Opsterlân hat Natuermonuminten en Steatsboskbehear oansprutsen op it ûnderhâld fan de fytspaden dy't se yn behear ha.

Boskwachter Roel Vriesema oer de minne fytspaden

Neffens de gemeente lizze der tusken Bakkefean en Wynjewâld ferskate rekreative fytspaden, wêrfan't de feiligens troch efterstallich ûnderhâld net langer garandearre wurde kin. Mei brieven hat Opsterlân de beide natuerorganisaasjes oansprutsen op harren soarchplicht en frege om maatregels te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)