Bliksemstaazje moat bern entûsjast meitsje foar baan as masinist of bussjauffeur

09 okt 2018 - 13:33

Njoggen skoalbern fan bernesintrum Trianova yn Ljouwert mochten tiisdeitemoarn mei in masinist fan Arriva in trein bestjoere.

Arriva - Foto: ANP

Dizze saneamde bliksemstaazje foar bern fan basisskoallen wie it startsein fan de lanlike gearwurking tusken it ferfierbedriuw en non-profitorganisaasje JINC.

Anne Hettinga

Anne Hettinga yn petear mei Tiete Sijens.

Dy wol bern mei in efterstân in earlike kâns op wurk jaan. Arriva wurket dêr mei de bliksemstaazjes op njoggen fêstigingen troch it hiele lân oan mei. Arriva-direkteur Anne Hettinga hopet sa bern al op jonge leeftiid entûsjast te meitsjen foar in baan as treinmasinist, steward as bussjauffeur.

(advertinsje)