Wenweinbewenners Drachtsterkompenije: "De maat is vol"

"De maat is vol" foar wenweinbewenners út Drachten. Sy ha moandei it eardere kamp oan de Kromme Wyk by Drachtsterkompenije beset. Sy wolle dat de gemeente Smellingerlân nije plakken regelet foar de jongere generaasje.
Wenweinkamp Drachten beset
Antonio Corpier. "Hier zijn wij als kind opgegroeid. Het kamp is meer dan twintig jaar geleden opgeheven. We hebben geprotesteerd omdat de gemeente niet aan onze vraag over staanplaatsen wil voldoen."
Der soe net genôch romte wêze foar de minsken dy't yn sa'n kamp weinje wolle. Ek Maria Wolters giet yn protest. "Mensen hebben recht op een vak (wêr't harren wenwein yn kin, red.) en daarom sta ik achter hen."
Wat wolle de bewenners?
© Srfotografie
In tsiental minsken hat de stekken om it terrein trochknipt en is mei caravans op it terrein stean gien. Yn it hiele lân wurde op dit stuit plakken troch wenweinbewenners beset om gemeenten ûnder druk te setten om yn aksje te kommen.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Chris Struijk is ek ien fan de bewenners, mar hat gjin wenplak. De oernachting is him goed befallen en hy wol dat de gemeente mear fakken makket foar wenweinbewenners. "We hadden hier nooit weg moeten gaan", seit Struijk oer it kamp oan de Kromme Wyk.
Hy hat besocht om yn in hûs, op in boat en op de kamping te weinjen, mar it befoel him net. Hy hopet no dat boargemaster Tom van Mourik harkje wol nei de bewenners. "Ik kus de burgemeester op z'n hoofd als ie dat doet. Eerder ga ik niet weg..."
Wat seit de boargemaster?
In tút op de holle hoecht fan Tom van Mourik, boargemaster fan Smellingerlân, net. "Dat ha ik net nedich om te witten dat de groep wenweinbewenners al in tal jierren wachtet op in antwurd fan de gemeente. Ik kin my yntinke dat sy fine dat it lang duorret."

20 fakken?

De Drachtsters wolle it terrein beset hâlde oant de gemeente mei in oplossing komt. Se wachtsje al in pear jier op de oanwizing fan nije stânplakken. Oan de ein fan dit jier sil neffens Van Mourik dúdlik wêze moatte hokker lokaasjes yn byld komme. "Miskien sit Drachtsterkompenije der ek by, dat wit ik net."
"Ik tink dat wy dizze groep goed betsjinje" fynt Van Mourik. De bewenners ha 20 fakken nedich, sizze sy. "Wy moatte no nei de gemeenteried om te sjen wat sy der fan fine. Ik slút net út dat der in tal plakken by komt, mar dat is oan de gemeenteried."