Topfuotbalklups: "Earedifyzje moat fernije en keunstgers fuort"

09 okt 2018 - 12:08

Grutte fuotbalklups, lykas Ajax, Feyenoord en PSV, wolle de ynkomsten fan it Europeeske telefyzjejild oars ferdiele. De opbringsten fan wedstriden yn de Champions League en Europa League soene earliker ferdield wurde moatte oer de oare fuotbalklups.

Fuotbalfjild - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn ruil dêrfoar wolle de topklups tenei allinnich noch spylje op gewoan gers en net langer op keunstgers. De klups wolle boppedat in nije opset fan de earedifyzje, sadat it oantal duels tusken de bêste klups fia play-offwedstriden tanimt.

Mooglik soene der minder klups oan de earedifyzje meidwaan moatte: 16 yn plak fan de hjoeddeistige 18. It plan wurdt heal novimber foarlein oan de oare klups, yn 2021 soe de earedifyzje 2.0 begjinne moatte.

(advertinsje)