Brune gers op begraafplakken De Fryske Marren moat wer grien wurde
De gemeente De Fryske Marren is fan tiisdei ôf dwaande om de gersmatten en -stroken op de begraafplakken te werstellen.
It gers hat bot te lijen hân fan de lange drûchte yn de simmer. De oantaaste plakken wurde op'e nij ynsiedde mei gers dat hurd groeit. Foar de winter moatte de begraafplakken der wer grien útsjen. It giet ûnder oare om begraafplakken yn Harich, Mirns, De Lemmer, Skarsterbrêge en Langwar.
Om foar te kommen dat der skea oan de grêven ûntstiet, wurdt sa min mooglik swier materieel ynset. It kin ûnder de wurksumheden wêze dat de grêven tydlik minder tagonklik binne.