Opknapbeurt fytspaad lâns De Linde lit op him wachtsje

It fytspaad neist de Linde tusken De Hoeve en de A32 wurdt net earder as 2020 ferbettere. Dat boadskip hie it kolleezje fan de gemeente Weststellingwerf moandei foar de riedsleden.
Fytspaad lâns De Linde © Gemeente Weststellingwerf
De ried hie leaver sjoen dat it fertutearze fytspaad kommend jier al oanpakt wurde soe. Mar om't tagelyk De Linde sels oanpakt wurdt, sadat dy meänderje kin, duorret it allegear langer as tocht. Boppedat steane provinsjale subsydzjes faai.
De provinsje en it Wetterskip ûndersykje mominteel de gefolgen fan de oanpak fan De Linde. Pas at dy klear binne, kin der in planning makke wurde foar de opknapbeurt fan it fytspaad. Dat slagget net foar 2020. De fraksjes fan SDW, D66 en GrienLinks reagearren teloarsteld en hawwe twivels oft it wol goed komt.