Automobilist ferwûne by ûngelok by Heech

09 okt 2018 - 10:56

By in iensidich ûngelok op de Lytshuzen by Heech is tiisdeitemoarn de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke.

Foto: BTBfotografie

Troch in noch ûnbekende oarsaak bedarre de man mei syn auto yn de sleat neist de dyk. De helptsjinsten waarden manmachtich oproppen, mar de brânwacht koe al gau werom.

De bestjoerder is mei in ferwûning oan de holle nei it sikehûs yn Snits brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)