LIVEBLOG: De twadde dei fan de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders

09 okt 2018 - 16:55

De 'blokkearfriezen' moatte tiisdei opnij ferskine foar de Ljouwerter rjochtbank. Op 18 novimber 2017 blokkearren 34 minsken by De Jouwer de A7 foar anty-Swarte Pyt-demonstranten. Moandei wie de earste dei fan de rjochtsaak tsjin harren. Troch de sneldyk te blokkearjen hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge. Se binne oanklage foar ferskate saken, lykas it tichtsetten fan de iepenbiere wei en it behinderjen fan in demonstraasje. Rjochtbankferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak foar de twadde dei op rige.

20:49
Auke Zeldenrust nei dei 2
20:48
Dei 2 sit derop

De twadde dei fan de rjochtsaak oer de A7-blokkade sit derop. Tiisdei moasten 19 fertochten foarkomme yn Ljouwert. Oer it algemien like it op de earste dei, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust: "Alle fertochten sizze dat se slagge binne yn har opset en dat se grutsk binne. Guon sizze dat de blokkade miskien net de bêste manier wie om dat te dwaan, mar dat it doel de middelen hilliget."

19:27
Imago Fryslân?
16:35
Onbewust

Fertochte: "Ik ben er onbewust in terecht gekomen. Ik haalde de bussen in en was gewoon nieuwsgierig." Rjochter Lootsma hat har twivels: "Uw verhaal vind ik moeilijk te rijmen."

16:26
Ramptoeristen

In 23-jierrige frou út Noardburgum: "Wij waren gewoon nieuwsgierig, in feite waren we ramptoeristen."

15:46
Spontane actie

In 46-jierrige man út Damwâld: "Het is was een spontane actie. Iedereen mag protesteren, maar niet op de dag van een kinderfeest. Daar horen geen grote joelende mensen bij."

15:23
Auto's

Alle fertochten hawwe wol wat mei auto's, wat rjochter Lootsma opfalt. "Ik heb nog nooit zoveel verdachten bij elkaar gehad die als hobby auto's hebben. Ik doe al heel lang zittingen, maar dit heb ik nog nooit meegemaakt."

14:43
Ferkearde momint

In 21-jierrige man ut Rinsumageast seit dat hy op it ferkearde momint op it ferkearde plak wie. De rjochter fynt dat apart: "U was er toch gewoon bij?" De fertochte wit net mear hielendal hoe't alles gong, seit er: "Het is al bijna een jaar geleden."

14:17
Doel berikt

In 56-jierrige ynwenner fan Damwâld lit witte dat it doel berikt wie, mar de blokkade wie net de goeie oplossing. Dat sizze hast alle fertochten.

14:13
Slaanderij

Fertochte: "Wy hawwe mei ús aksje in grutte slaanderij foarkommen yn Dokkum. It wie dêr folslein út de hân rûn, want der wie fierstente min plysje om de boel ûnder kontrôle te krijen."

Trefwurden: 
A7 rjochtsaak blokkade
(advertinsje)
(advertinsje)