Fytsljochtkontrôle yn Ljouwert: gjin warskôgings mear, mar boetes
By in kontrôle moandeitejûn yn Ljouwert hawwe acht fytsers in bekeuring krigen, omdat se sûnder ljocht rieden. Ek in autobestjoerder gie op 'e bon. Hy hie gjin ljocht op syn karre.
De plysje kontrolearre de ôfrûne wike ek al op ferljochting, mar liet it doe noch by warskôgingen.
De plysje meldt ek dat by de kontrôle opfoel dat in soad fytsers wól ferljochting hawwe. Ek de kommende tiid sil der noch kontrolearre wurde yn Ljouwert.