Foppe de Haan oer leechrin stadions: "Der falt gjin peil mear op te lûken"

09 okt 2018 - 07:57

Fuotbalklups moatte in aktivere hâlding oannimme om nije supporters oan har te binen. Dat seit Foppe de Haan yn it deiblêd Trouw.

Foppe de Haan - Foto: www.orange-pictures.nl

Hy reagearret dêrmei op de leechrin yn de fuotbalstadions. Neffens de âld-trainer fan SC Hearrenfean spilet ek mei dat in soad wedstriden tsjintwurdich live op telefyzje te sjen binne, wêrtroch't benammen âldere supporters mei kâld waar leaver thús bliuwe.

Ek de ferskillende tiden wêrop spile wurdt, spylje in rol. "Eartiids wisten je: sneontejûn om healwei achten wurdt der ôftrape yn it Abe Lenstrastadion. Der falt no gjin peil mear op te lûken."

Net spektakulêr

By SC Hearrenfean is it fuotbal sels neffens De Haan de lêste jierren net spektakulêr genôch, wat te krijen hat mei de kwaliteit fan de spilers. Dy moatte harren boppedat mear beseffe dat se foar in publyk spylje. "Se moatte mear it gefoel krije: dit is myn klup, dit binne myn supporters."

(advertinsje)
(advertinsje)