Kollum: "Kick Out Partidigens"

"'Ladies and gentlemen, boys and girls, children of all ages ' Dat wie de tradisjonele oanhef fan de ringmaster yn in sirkus. Bedoeld om de oandacht fan it publyk te rjochtsjen op de aksje dy't folgje soe.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Ik moast dêr oan tinke doe't ik foarige wike parse-offisjier Sierd Eijzinga fan it Iepenbier Ministearje by Roelof Lousma oan tafel sitten seach. Eijzinga siet dêr om tekst en útlis te jaan oer it filmke dat it OM makke hie oer it proses fan de Blokkearfriezen. It OM hie dat meitsje litten om dúdlikheid te skaffen oer har eigen rol. Dat it net gie oer de Swarte Pitediskusje, mar om konkrete oertrêdingen lykas it blokkearjen fan 'enige openbare land- of waterweg' en it rjocht op demonstraasje en frijheid fan mieningsutering. Op dy wize woe it OM sjen litte dat it net om in politike saak gie.
Sjoernalist Auke Zeldenrust, dy't ek oan 'e tafel siet, murk folslein terjochte op dat soks net mear los fan inoar te sjen is. Diskusje en oertrêdingen hearre byinoar as swart en wyt. It filmke wie wat dat oangiet eksimplarysk. Leechlizzend, begekjend, bernich en beskamsum binne dêr de kwalifikaasjes foar. It OM bûcht him nei it folk op Skerjontsjes om dat alfêst te ferdútsen wêrom't se behoarlik straft wurde sille. It OM bûcht him op leechlizzende, begekjende en bernige wize nei it folk op Skerjontsjes omdat dat stom is en der neat fan begrypt. Datselde seine ek Kick Out Zwarte Piet-aktivisten Afriyie en Esajas fan 't wykein yn de LC.
De lucht fan partidigens dy't fan it filmke fan it OM ôfslacht is slimmer as dy fan de Rendac. Soks sei ek advokaat Tjalling van der Goot, hoewol't syn formulearring krekt wat oars wie. Dy sei: 'Ik fyn it opmerklik dat it Iepenbier Ministearje hjir de media mei opsiket. De sittingsseal is it poadium dêr't de arguminten útwiksele wurde moatte, net de media. Dat is de meast suvere foarm fan rjochtspraak.'
Partidigens is de deastek foar suvere rjochtspraak. En partidigens liket foar master op te slaan yn dizze polityk beynfloede kwestje. Want hoe kin men oars ferklearje wêrom't bygelyks demonstraasjes, dy't yn gemeenten ta needferoarderingen liede, net bûten de stêd pleatst wurde? Dat yntimidaasje, it fersteuren fan de oarder en agresje midden yn stêd of doarp plakfine kinne? Hoe't it kin dat KOZP yn it rapport Dreigingsbeeld Terrorisme te finen is, mar dat it nettsjinsteande dy geweldsdriging in plysje-eskorte kriget om demonstrearje te kinnen? Hoe't it kin dat in oprop fan aksjegroep De Grauwe Eeuw om Sinteklaas dea te sjitten, sa, dat bern ûnder bloed en botsplinters komme te sitten, net swierder beboete wurdt as mei it beteljen fan 300 euro?
Soks makket de sosjale ûnrêst almar grutter. Duorjende ellinde leit op de loer. It bedriget de wil om yn fatsoenlik oerlis ta oplossingen te kommen, om oanpassingen te dwaan, om mieningen by te stjoeren. Dy reewilligens, dy't der absolút wie, wurdt troch sa'n hâlding en sok hanneljen fuortfage.
'So, ladies and gentlemen, boys and girls, children of all ages: let the show trial commence!'"