Wenten yn leechsteande agraryske gebouwen Weststellingwerf

09 okt 2018 - 06:18

Leechsteande agraryske gebouwen soenen yn de gemeente Weststellingwerf mooglik ek wenten wurde kinne. Dat die moandei bliken by in diskusje yn de gemeenteried.

Foto: Lourens Looijenga

Yn it doarp De Hoeve wurdt in skuorre diels omboud ta wente. In diel fan de ried is benaud dat dit no ek op mear plakken barre sil. Mar ferskate politike partijen fine dat dit in oplossing wêze kin yn doarpen wêr't gjin romte is foar starters en jonge húshâldingen om te wenjen.

Neffens wethâlder Zonderland is it belangryk dat sokke foarnimmens breed troch it doarp droegen wurdt.

(advertinsje)