Wenweinbewenners besette âld kamp by Drachtsterkompenije

08 okt 2018 - 23:40

In groep wenweinbewenners út Drachten hat moandei it eardere kamp oan de Kromme Wyk by Drachtsterkompenije beset. De bewenners ha har nocht derfan dat de gemeente Smellingerlân gjin nije plakken regelet foar de jongere generaasje. In tsiental minsken hat de stekken om it terrein trochknipt en is mei caravans op it terrein stean gien.

Foto: Srfotografie

Yn it hiele lân wurde op dit stuit plakken troch wenweinbewenners beset om gemeenten ûnder druk te setten om yn aksje te kommen.

De Drachtsters wolle it terrein beset hâlde oant de gemeente mei in oplossing komt. Se wachtsje al in pear jier op de oanwizing fan nije stânplakken.

Foto: Srfotografie
(advertinsje)