Ferskate papierkonteners yn de brân stutsen yn Drachten
De brânwacht fan Drachten hie it moandeitejûn drok mei ferskate brannen. Earst stie op de Middelwyk in papierkontener yn de brân en letter sels twa op de Hagewyk. De plysje giet út fan brânstichting.