Organisaasje Charles Dickens Krystmerk yn Ljouwert rekkenet op 55.000 minsken

08 okt 2018 - 22:55

De organisaasje fan de Charles Dickens krystmerk, dy't op 15 en 16 desimber plakfynt yn Ljouwert, rekkenet op in grut sukses. De hotels yn en rûnom de stêd binne foar it grutste part fol en mear as 55.000 minsken hawwe al tasein dat se komme. Dat sizze de organisatoaren Sjouke Boschma en Bobby Veenstra.

Sjouke Boschma en Bobby Veenstra - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Moandei wie der yn Zalen Schaaf in ynformaasjegearkomste foar winkeliers, standhâlders, figuranten en oare ynteressearren. Dêr kamen sa'n 250 oant 300 minsken op ôf.

Veenstra sei dat fan de goed 100 oant 150 kreamkes dy't beskikber binne op 'e merk al mear as hûndert ferhierd binne. Neffens him hat it opsetten fan arranzjeminten mei hotels yn 'e omjouwing, wat eins it plan wie fan de organisaasje, net folle sin mear, omdat de hotels foar it grutste part al folboekt binne.

Sjouke Boschma en Bobby Veenstra

Sjouke Boschma sprekt de seal ta - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Veenstra is by de organisaasje ferantwurdlik foar it merkdiel en de krystparade yn de strjitten. Ek komme der trije hoarekapleinen. Boschma nimt it teäterdiel foar syn rekken. Foar it grutste part binne dat 13 teätertinten op it Aldehoustertsjerkhôf dêr't trochrinnend foarstellings te sjen binne. De tagong ta it festival is fergees. Foar de teäterfoarstellings moat al yntree betelle wurde.

Veenstra is ûnder oaren bekend fan it festival Promised Land. Sjouke Boschma organisearre de ôfrûne twa jier it Charles Dickens-festival op De Lemmer. Dêr sit er no net mear yn de organisaasje, mar op De Lemmer organisearje se dit jier yn itselde wykein as Ljouwert ek wer in Dickens-festival, ûnder de namme Lemster Dickens Festijn.

(advertinsje)