PvdA wol mei moasje sloop arbeiderswenten Drachten foarkomme

08 okt 2018 - 22:30

De PvdA yn de gemeente Smellingerlân wol mei in moasje foarkomme dat der 34 karakteristike arbeiderswenninkjes yn Drachten sloopt wurde. De partij wol dat de wenten oan de Geelgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart op de gemeentlike monumintelist pleatst wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Wenningkoöperaasje Accolade wol de wenten slope en ferfange troch nijbou. In grut diel fan de bewenners is it der net mei iens.

Neffens de PvdA giet it oer kultureel erfgoed en moatte de hûzen renovearre wurde. Ek soenen de bewenners fan de karakteristike wenten der foar altyd wenjen bliuwe meie.

De moasje komt nije wike oan de oarder yn de rie fan Smellingerlân.

(advertinsje)