Stroffelstien as neitins oan Beatrix Mirosch yn Holwert ûntbleate

As neitins oan Beatrix Mirosch is moandei yn Holwert in saneamde stroffelstien lein. Beatrix waard op 5 febrewaris 1938 yn Holwert berne en is as 6-jierrich famke troch de nazi's ombrocht yn Auschwitz. De stien is pleatst troch de oprjochter fan de stroffelstien, de Dútske keunstner Gunter Demnig, tegearre mei de famylje Mirosch.
© Gemeente Dongeradiel
Stroffelstiennen jouwe omtinken oan ûnder oare Joaden, Sinti, Roma en homoseksuele en politike slachtoffers fan it nazirezjym.
De famylje Mirosch wie in romafamylje dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch hiel Nederlân luts. De measte leden fan de famylje hawwe de oarloch net oerlibbe. De namme fan Beatrix Mirosch is op de 4 maaie-betinking fan 2015 foar it earst neamd as oarlochsslachtoffer út Holwert.
De stien is de earste stroffelstien yn de gemeente Dongeradiel. Hy is der kaam op fersyk fan Holwerter Jan van der Velde.