Dyk fan Follegea nei De Lemmer ta ûnfeiliger om't reade fytsstripen fuort binne

08 okt 2018 - 21:38

De opknapbeurt fan de Strjitwei yn Follegea en Jistergea hat de dyk gefaarliker makker as earst. Dat sizze bewenners en it CDA yn De Fryske Marren. De dyk fan Follegea nei De Lemmer ta is smeller wurden en de reade fytsstripen binne der net mear. Trochdat de dyk no ien kleur hat, fiele fytsers har ûnfeiliger.

De doarpen Follegea en Jistergea ha al oerlis hân mei de gemeente De Fryske Marren, mar dat hat oant no ta neat omsmiten.

It CDA wol dat boargemaster en wethâlders op koarte termyn wer om de tafel gean mei pleatslik belang om it probleem op te lossen.

Jannette Klein en Roel Roelevink

(advertinsje)