Twa histoaryske auto's Grouster museum mei graffity bespuite

08 okt 2018 - 21:26

Twa jonges hawwe trije histoaryske auto's fan it Museum Bescherming Bevolking yn Grou ûnder de graffity spuite. Meiwurkers fan it museum ûntdutsen de fernielingen snein, oan it begjin fan de iepen dei fan it museum.

Foto: Museum Bescherming Bevolking

De militêre auto's steane bûten op it ôfsletten parkearterrein fan it museum. De twa dieders steane op bylden fan de befeiligingskamera. It museum hat oanjefte dien by de plysje, dy sil de saak ûndersykje.

"Kweajongesstreek"

Roelof van Gelderen fan it museum baalt as in stekker fan de fernielingen. "We binne der bot fan skrokken, ek om't it op in ôfsletten terrein giet." Dochs seit hy út te gean fan in "kweajongesstreek, wêrfan't de jonges de gefolgen net oersjen koene."

It giet Van Gelderen der ek net sasear om dat de twa jonges in swiere straf krije, hy wol benammen foarkomme dat it opnij barre kin. De meiwurkers ha de measte graffity yntusken fan de histoaryske weinen helle. Ynkoarten ferhûzje se nei binnen ta.

(advertinsje)