Jan Waterlander (50PLUS): "De hiele Steaten fertsjintwurdigje"

08 okt 2018 - 20:39

Jan Waterlander fan Ljouwert wol ek nei de Provinsjale Steateferkiezingen fan maart takom jier partijlieder bliuwe fan 50PLUS. De partij kiest letter dit jier de listlûker. It bestjoer fan de Fryske 50PLUS wol dat de leden út twa kandidaten kieze kinne. Njonken Waterlander is dat Theun Wiersma fan Drachten. Beide manlju steane ek op de 50PLUS-list foar de Earste Keamer, Wiersma op plak acht en Waterlander as nûmer tsien.

"Us ôfdielingsbestjoer hat besletten dat der twa potinsjele listlûkers oan de ledefergadering foarlein wurde. It soe my fernuverje as ik it net wurd."

'Radikaal' plan

De Fryske 50PLUS wol de wurkwize yn Provinsjale Steaten radikaal feroarje. Yn stee fan kolleezje- en opposysjepartijen en oan partijen bûne deputearren wol Waterlander dat it machtstinken foarby is.

Alle partijen moatte mei-inoar in Steateprogramma meitsje mei dêryn de spearpunten foar Fryslân. In soarte fan sakekabinet mei deputearren dy't sels sollisitearre ha, moat dat dêrnei útfiere. "Dan ha je gjin fêste koälysjes fan partijen en kin elke partij har eigen programma oanhâlde", seit Waterlander. "As je folksfertsjintwurdiger binne, moatte jo net as lytse mearderheid fan de Steaten oaren útslute. Je moatte de hiele Steaten fertsjintwurdigje."

Provinsjale Steaten behannelje it 50PLUS-plan ein novimber. Waterlander: "Stel dat se net foar stimme, lit se dan yn alle gefallen sizze wêrom net."

Politike karriêre

Waterlander is sûnt 2015 de foaroanman fan de partij yn it provinsjehûs. Dêrfoar wie er gemeenteriedslid foar de PvdA en letter Djip Read yn de gemeente Littenseradiel.

(advertinsje)