Lêste trije A7-fertochten fan earste prosesdei rinne fuort

De lêste trije A7-blokkearders dy't moandei op de earste dei fan de saak foarkomme moasten, binne fuortrûn. Sy fielden har yntimidearre troch de wize wêrop't de rjochtbank de fertochten moandei ûnderfrege.
Auke Zeldenrust oer de earste dei
Yn totaal moasten moandei 12 fan de 34 fertochten foarkomme. Trije binne dus fuortrûn en ien is net foar de rjochtbank ferskynd.

Rûzich begjin

De earste sittingsdei hie in rûzich begjin. It wie moarns daliks al drok by de rjochtbank en by it foarlêzen fan de oanklacht waard ien fan de rjochters net goed. De saak waard stillein, mar koe in oere letter wer fierder.

Bliid, mar ek twivel

Oer it algemien sizze alle fertochten dat se bliid binne dat it slagge is om de anty-Swarte Pyt-aktivisten tsjin te hâlden. Al lutsen guon wol yn twivel oft in blokkade de goede manier wie. Der wiene moandei ek fertochten dy't der spyt fan hienen.
Dúdlik waard ek dat net elkenien wist wat no krekt de bedoeling wie op dy 18e novimber fan ferline jier.

Demonstraasjerjocht ontnommen

It Iepenbier Ministearje besocht by alle fertochten te sizzen: "Witte jim wol wat jim dien ha? Der is in rjocht om te demonstrearjen en dat ha jim dy minsken ûntnommen."
De offisier fan justysje wiisde ek noch op de gefaarlike situaasje dy't ûntstie.

Ferfolch rjochtsaak

Foar de rjochtsaak binne fjouwer dagen útlutsen. Tiisdei komme moatte der 19 fertochten foarkomme.
De anty-Swarte Pyt-protestearders ha oankundige om tongersdei gebrûk te meitsjen fan harren sprekrjocht.