Noardeast-Fryslân wol ferantwurdlikens staten en stinzen goed oppakke

08 okt 2018 - 18:45

"De nije gemeente Noardeast-Fryslân, dy't op 1 jannewaris ûntstiet, hat de measte staten en stinzen fan Fryslân. Dat allinnich al jout de ferplichting om dêr ferstannich mei it kulturele erfgoed om te gean." Dat sei boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân moandei foarôfgeand oan in saneamde 'netwurkgearkomste' yn Kollum. Tegearre mei it oangrinzjende Dantumadiel wol de gemeente Noardeast-Fryslân in beliedsplan opstelle op it mêd fan de kultuerhistoarje.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Doel is om it grutte tal monuminten en kultuerlânskippen foar takomstige generaasje te behâlden en yn te setten by de fierdere útbou fan it kultuertoerisme yn de regio. It giet dan net allinnich om monumintale gebouwen as staten, stinzen, pleatsen, mûnen en tsjerken, mar ek om terpen en lânskippen.

By de gearkomste koene de regionale organisaasjes mei-inoar yn de kunde komme troch in koarte pitch: yn ien minút moast ferteld wurde wa't men wie en wat men die.

Foar it nije belied is al in startdokumint opsteld, dat noch oanfolle wurde kin troch bydragen fan de belutsen organisaasjes.

Ferslachjouwer René Koster wie by de netwurkgearkomste

(advertinsje)