Sportoersjoch: Grutte oerwinning Hearrenfean en Harkemase Boys, seizoen VC Snits en Aris úteinset

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch fan moandei 8 oktober
It hat even duorre, mar SC Hearrenfean pakte sneon foar it earst sûnt augustus wer ris trije punten. En hóé. De ploech fan Jan Olde Riekerink wûn mei 0-5 by De Graafschap. Sam Lammers en Michel Vlap soargen elk foar twa goals.
VC Snits begûn dit wykein oan it nije seizoen. De follybalsters, mei Paul Oosterhof as nije coach, setten yn Ootmarsum útein mei ferlies tsjin Set-Up '65.
By Harkemase Boys wie Berwout Beimers dit wykein de grutte man. Yn de thúswedstriid tsjin Achilles'29 skoarde de Hurdegarypster fjouwer kear. De Harkiten wûnen úteinlik mei 7-1.
En Aris kin weromsjen op in prima seizoensstart. It wie spannend, mar op besite by de Den Helder Suns wûnen de Ljouwerters mei 67-68. Flak foar de ein foarkaam David Michaels mei in block dat de thúsploech op foarsprong kaam.