Provinsjes en Ryk tekenje konvenant oer status fan Nedersaksysk

De provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân tekenje woansdei mei it Ryk in konvenant, wêrmei't it Nedersaksysk erkend wurdt as selsstannige taal, dêr't ek les yn jûn wurde kin. It Nedersaksysk foarmet mei it saneamde Niederdeutsch yn Dútslân ien taalbelied.
© Wikimedia Commons
It Ryk belooft mei it konvenant it Nedersaksysk te beskermjen en te befoarderjen. It Stellingwerfsk is in Nedersaksyske streektaal. Oare farianten fan it Nedersaksysk wurde praat yn Grinslân, Drinte, Oerisel, de Noardeast-Feluwe en de Achterhoek.
Mei de offisjele erkenning komt der makliker jild frij foar taalprojekten. Dat hoopje Nedersaksyske organisaasjes. Ek kinne skoallen dy't in dialekt binnen it Nedersaksysk befoarderje wolle makliker jild krije.
De erkenning is in konsekwinsje fan it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen fan de Ried fan Europa. It Ryk is fierder fan betinken dat de earste ferantwurdlikheid foar it Nedersaksysk net by it Ryk leit mar by de regionale oerheden.
Henk Bloemhoff, taalkundige spesjalisearre yn it Stellingwerfsk