Piet Paulusma: "It wurdt dizze wike wer kompleet simmer"

It is in unyk jier, seit Piet Paulusma. De waarman fan Omrop Fryslân foarseit foar dizze wike opnij in simmerwike, mei temperatueren fan 20 graden of heger. Sneon kin der sels wer in waarmterekôr brutsen wurde. De safolste fan dit jier.
© ANP
De waarmste 13 oktober wie yn 1990, mei 21,9 graden. Dat betsjut dat der sneon wolris in nei waarmterekôr helle wurde kin. "Dat hat ek te krijen mei it opwaarmjen fan de ierde. Der hearre dit soarte gefolgen by. Mar it is wol hiel útsûnderlik", seit Paulusma.

Langer groeiseizoen, koarter rispseizoen

Troch de feroarings yn it waar wurde de groeiseizoenen langer, mar de rispseizoenen koarter. Dat hat te krijen mei swiere buien en drûge en wiete perioaden. Piet: "Mar de waarmte begjint earder en dy hâldt it langer fol. Ast no ek sjochst, de hjerstkleuren komme der no wol yn. Mar dizze wike wurdt it kompleet simmer."

Oer de hiele wrâld merkber

"It effekt fan it opwaarmjen is oer de hiele wrâld dúdlik te merken. De Noardpoal wurdt lytser, op de Súdpoal groeie planten dy't der noait wiene, de grutte fan de gletsjers nimt ôf en de waarsekstremen nimme ta. It Middenlânske Seegebiet krijt der de kommende dagen ek flink fan lâns, mei swiere buien. Dat is ek wer útsûnderlik", stelt Piet.

Komt der wol winter?

Mei dizze temperatueren sa let yn it jier soene je tinke dat it mei de winter neat mear wurdt, mar dêr tinkt Piet oars oer. "Ik sjoch nei it waar fan no en fan ôfrûne jier. Ik ha al diskusjes hân oer de winter en doe sei ik: we komme dizze winter wol oan de min 20 ta. Mar witst wat it is: it is my noch krekt wat te betiid. Ik kom meastal ein oktober mei de earste foarsizzing. En op 30 novimber of 1 desimber mei de definitive. En dy fan foarich jier hat it goed dien, de simmerfoarsizzing hat it ek goed dyn. Mei de winter bin ik noch dwaande."
Dy Alvestêdetocht komt binnen sân jier.
Piet Paulusma
Se sizze ek, der komt gjin Alvêstedetocht mear, mar ek dêr is Piet is net mei iens. "Sa goed as je ekstremen yn 'e waarmte ha, sa goed kinne je ek ekstremen yn de kjeld ha, troch it opwaarmjen fan de ierde. Dy Alvestêdetocht komt binnen sân jier. Mar op de winter komme noch werom."
Piet Paulusma oer oktober