Earste wedstriid Oranje op EK kuorbal is 'Wedstriid fan de wike'

It Europeesk kampioenskip kuorbal hat dit jier in Frysk tintsje. Op fjouwer plakken yn de provinsje wurde der wedstriden spile. Sneon is it earste duel fan it Nederlânske team op De Gordyk. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân
Nederlân spilet sneontejûn om 20.00 oere de wedstriid tsjin Kataloanië. It is de iepener fan it EK.
"It bysûndere is dat alle wedstriden yn Fryslân binne. Earder wiene der al ris in pear wedstriden fan in EK yn Fryslân, mar net earder allegear", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.
Njonken De Gordyk wurdt der spile op It Hearrenfean, yn Ljouwert en yn Drachten. By de seleksje fan Oranje sit ien Fries: Erwin Zwart.
© Martin de Jong
Omrop Fryslân docht de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.