SC Hearrenfean spilet besletten oefenwedstriid yn ynterlânperioade

08 okt 2018 - 16:33

SC Hearrenfean spilet takom woansdei in oefenwedstriid tsjin NAC Breda. Dy wedstriid is yn it Rat Verlegh Stadion yn Breda, mar wol efter sletten doarren: supporters binne dus net wolkom.

Yuki Kobayashi earder dit jier tsjin NAC - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de Earedifyzje steane dit wykein gjin wedstriden op it programma, omdat it in ynterlânwykein is. Dêrom woe Hearrenfean graach in oefenwedstriid spylje. Earst woe Vitesse wol, mar de klup út Arnhem sei ôf, om't dy te folle blessueres ha.

NAC kin dus wol. De klup út Breda stiet ûnderoan yn de Earedifyzje. De oefenwedstriid is woansdei om 15.00 oere.

(advertinsje)