Sietske Poepjes: net mear as 2 miljoen foar neilittenskip LF2018

08 okt 2018 - 15:35

De provinsje lûkt takom jier 6,1 miljoen euro út foar kultuer, taal, ûnderwiis en sport. Dat hat kultuerdeputearre Sietske Poepjes moandei bekendmakke op de wyklikse parsekonferinsje fan de provinsje. Dy 6 miljoen is benammen ornearre foar besteand belied.

It giet dan om saken as sûne sportkantinen, handikeptesport, de Fryske taal, kultueredukaasje en amateurkeunst.

De saneamde 'legacy' fan LF2018 falt bûten dy jilden. Deputearre Steaten hawwe dêr 2 miljoen euro foar oer by wize fan 'oerbrêgingskredyt'.

Om fiif miljoen frege

Ferskate kulturele organisaasjes fregen de provinsje ferline wike noch om fiif miljoen euro foar de 'legacy' fan LF2018. Neffens organisaasjes as Keunstwurk en LF2018 is safolle jild nedich om ek de kommende jierren 'eveneminten fan alluere' te organisearjen en Ljouwert op de kaart te hâlden as festivalstêd, mar Poepjes wol gjin fiif miljoen tasizze.

Dat is oan de nije Steaten.

Sietske Poepjes oer eventueel mear jild foar de 'legacy'

"Der binne takommend jier Steateferkiezingen. Wy wolle as kolleezje fan Deputearre Steaten net oer ús grêf hinne regearje", sei Poepjes. "It is oan de nije Steaten om te besluten om wol of net mear jild foar de 'legacy' út te lûken, mar dat docht dit kolleezje net."

Provinsjale Steaten prate meikoarten oer de saneamde neilittenskip fan de Kulturele Haadstêd.

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes

(advertinsje)