F16-s fleane wer op jûntiid

07 nov 2011 - 14:14

De fleanbasis Ljouwert begjint moandei 14 novimber wer mei jûnsfleanen. De earste twa wiken wurdt flein oant alve oere jûns.

De fleanbasis Ljouwert begjint moandei 14 novimber wer mei jûnsfleanen. De earste twa wiken wurdt flein oant alve oere jûns. Dat jildt ek foar de perioade fan 12 oant en mei 23 desimber. Yn de oare wiken wurdt flein oant healwei fiven middeis. Op freed wurdt allinich oerdeis flein.

Takom jier is der ek in oantal wiken dat der jûns flein wurdt. Dat is nedich foar in optimale training fan de F-16-piloaten, sa seit de fleanbasis.

Trefwurden: 
fleanbasis jûnsfleanen F-16
(advertinsje)