De Fryske Marren rekket twadde wethâlder kwyt: Johannes van der Pal hâldt op

08 okt 2018 - 15:29

FNP-wethâlder Johannes van der Pal fan de gemeente De Fryske Marren set in punt achter syn karriêre. Hy hat 16,5 jier yn it kolleezje sitten.

Johannes van der Pal - Foto: De Fryske Marren

"De rek is út 't elastyk", seit Van der Pal. En dan moatte je ophâlde, neffens de ôfgeande wethâlder. "Foaral as jo merke dat it psychysk en fysyk lestiger wurdt." Hy hat der goed oer neitocht, mar fûn it in dreech beslút: "It is ek de akseptaasje, dat jo net mear alles kinne."

Van der Pal is 64 jier. Hy hat tolve jier yn it kolleezje fan it eardere Lemsterlân sitten en dêrnei 4,5 jier yn de fúzjegemeente De Fryske Marren.

Sykje nei passende opfolger

Fraksjefoarsitter Jan Volbeda fan de FNP yn De Fryske Marren seit dat de fraksjeleden rekke binne, mar dat se it ûnferwachte beslút fan Van der Pal respektearje. De partij siket de kommende tiid nei in passende opfolger, oant dy tiid bliuwt Van der Pal sitten.

Boargemaster Fred Veenstra fynt it spitich dat Van der Pal ophâldt: "Tot op de dag van vandaag hebben we als college op een collegiale en prettige manier samen mogen werken. We missen binnen korte tijd helaas twee ervaren en betrokken krachten in dit college. Maar we hebben alle begrip en veel respect voor de beslissing van Van Der Pal. En enorme waardering voor alle inzet die hij in al die jaren heeft gegeven."

Twadde wethâlder yn koarte tiid

Ferline wike makke Janny Schouwerwou bekend dat se it wethâlderskip delleit, fanwege sûnensredenen. Njonken boargemaster Veenstra sitte ek de wethâlders Frans Veltman, Jos Boerland en Durk Durksz yn it kolleezje fan De Fryske Marren.

(advertinsje)
(advertinsje)