Al 36 projekten freegje subsydzje oan by Waadfûns

08 okt 2018 - 14:28

By it Waadfûns binne yn oardel wike tiid mar leafst 36 subsydzje-oanfragen yntsjinne troch plannemakkers dy't graach advys wolle oer harren projektplannen yn de Waadregio. Bedriuwen, belange-organisaasjes en lokale oerheden dy't ideeën ha om de Waadregio duorsum te stimulearje, kinne fia de saneamde 'advyskosteregeling' oant maksimaal 5.000 euro oan subsydzje krije.

De Waadsee by Swarte Haan - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Henk Staghouwer fan it Waadfûns is bliid mei it grutte tal oanfragen. "Dat er in korte tijd zoveel aanvragen voor adviesvouchers voor ondersteuning bij een nieuwe subsidieaanvraag zijn ingediend, is een prachtig resultaat. Daarmee lijkt de advieskostenregeling nu al zijn vruchten af te werpen. Als Waddenfonds zijn we erbij gebaat dat er goede projecten bij ons worden ingediend. Met de adviesvouchers willen we daar een impuls aan geven."

Subsydzjeregeling 'Brede Opstelling'

De advyskosteregeling stipet de subsydzjeregeling 'Brede Opstelling'. Dizze regeling rint fan 3 desimber 2018 oant 18 jannewaris 2019. Dan wurdt de subsydzje tasein. Yn totaal is der acht miljoen euro beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)