PvdA Harns wol nó in oplossing foar steurings REC

08 okt 2018 - 13:55

De PvdA yn Harns wol dat der sa gau as mooglik in oplossing komt foar de steurings by de REC. De partij fynt dat de problemen by de ôffaloven trochetterjen bliuwe. Neffens de partij is elkenien der sa stadichoan wol klear mei. "De onrust onder de inwoners van Harlingen neemt toe. De ene storing volgt de andere storing op. Er komt geen rust", seit gemeenteriedslid Jacqueline Huizenga.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Brutsen stoomlieding

De oven waard ôfrûne sneon stillein troch in brutsen stoomlieding en dat soarge foar in soad stank yn Harns en omjouwing. Offalferwurker Omrin sil takom jier maart in nije stoomlieding pleatse om dizze situaasjes yn de takomst foar te kommen.

Mar neffens Huizenga kin dat net wachtsje. "Het moet direct, we kunnen niet nog een half jaar wachten. En de provincie moet hier ook bovenop zitten." De provinsje hat earder oanjûn dat se opheldering wolle fan de Omrin oer wat der bard is en oft alle regels en ôfspraken neilibbe binne.

Bettere kommunikaasje

Huizenga fynt dat it probleem fan sneon te let meld is. "Het was een enorme stank, waar veel mensen last van hebben gehad. Pas in de loop van de middag werd duidelijk dat het weer bij de REC vandaan kwam." De kommunikaasje oer de oven moat dêrom rapper om sa de ûnrêst ûnder de ynwenners wat fuort te nimmen, fynt Huizenga.

Wol stank, gjin gefaar

De brânwacht hat konstatearre dat de stankoerlêst gjin gefaar is foar de folkssûnens. Dat soarget derfoar dat de gemeente Harns net in soad dwaan kin oan de problemen.

De PvdA komt moandeitejûn byelkoar om ûnder oare in stânpunt yn te nimmen oer de situaasje rûnom de ôffaloven. Huizenga: "Als raadslid wil je voor je inwoners het beste. We moeten als gemeente bekijken wat we kunnen of moeten doen om er verbetering in aan te brengen."

(advertinsje)