Stormruiter 'the day after': yn it WTC wurdt alles wer ôfbrutsen

It suksesfolle spektakelstik De Stormruiter yn it WTC yn Ljouwert waard snein foar it lêst opfierd, mar ek moandei wie it der fuort wer in drokte fan belang. Tsientallen minsken wurkje op 'the day after' om alles ôf te brekken, ôf te fieren, op te romjen en skjin te meitsjen.
The day after fan De Stormruiter
© Omrop Fryslân, René Koster
Grutte shovels skowe it sân de hal út, dekôrstikken wurde sloopt en tribunes ôfbrutsen. Nei seis wiken is De Stormruiter útraasd en wurdt it WTC wer klear makke foar oare brûkers. Utfierend produsint Jelle Snijder hat der wat in dûbel gefoel by: "It wie in machtich evenemint, mar it is no ek wol wer klear".
Ferslachjouwer René Koster seach by it opromjen fan De Stormruiter
© Omrop Fryslân, René Koster
Moandeitemoarn stie noch ien lêste hynder yn de hal, dat fan Minke van Westendorp út Ermelo. Sy hie mei har hynder ek in rol yn it stik, as groom fan Reina. "Lichamelijk ben ik op, maar geestelijk had ik zo nog wel 22 voorstellingen kunnen doen. Het was zo gaaf!"
Foar elkenien dy't it hynstespektakel misse moast en besikers dy't nochris neigenietsje wolle, sil De Stormruiter ein desimber te sjen wêze by Omrop Fryslân op telefyzje.