Rûzich begjin fan earste dei A7-rjochtsaak

De rjochtsaak tsjin de 34 Fryske A7-blokkearders hie moandeitemoarn in rûzich begjin. Nei't ien fan de rjochters net goed waard, wie der in koarte skorsing. In oere letter koe de saak wer begjinne. Wat is der oant no ta allegear behannele. Wy sette it op in rychje.
© ANP
De rjochter joech in algemiene skets fan de oanrin nei 18 novimber 2017. De rol fan Jenny Douwes waard apart behannele. De rjochtbank sette de posts en berjochten fan Douwes op in rychje. De lêste post fan Douwes waard hurdop foarlêzen. Dy pleatste Douwes op 18 novimer: 'Hou het rustig, geen ongelukken veroorzaken'.

De gong fan saken

Dêrnei naam rjochter Lootsma de gong fan saken op 18 novimber troch. Om 09.45 oere kamen de bussen mei demonstranten út Hollân wei Fryslân yn. De bussen waarden ôfsnien troch in wite bestelbus en letter ek in swarte motor. Ien fan de bussen moast abrupt remje. Ien fan de passazjiers seit dat er dêrtoch syn holle stompte en letsel oprûn.

Agressive mannen

Neffens tsjûgen wiene der letter slingerjende auto's en agressive mannen by de bussen. Se bonkten ek op de ramen fan de bussen. De bussen koene net fierder ride. De plysje naam gjin aksje, om't se de boel net eskalearje litte woene. Tsientallen minsken rûnen op de dyk om.

Emosjonele skea

In froulike bussjauffeur fan ien fan de bussen naam it beslút om werom te riden. Sy hat nei ôfrin bot lêst hân fan de blokkade. In moanne letter wurke se noch net. Ek moast se gûle by it ferhoar.

WhatsApp-groep

Nei de blokkade is der in sletten WhatsApp-groep makke foar de A7-blokkearders. Dy groep wie allinnich foar dejingen dy't by de blokkade wiene. "Alleen voor de echten."
Ik ha in goed gefoel oerhâlden oan de aksje.
De earste fertochte fan de A7-blokkade

Earste fertochte oan it wurd

De rjochter hat har ferhaal basearre op 112-meldingen, ferskate bylden fan it barren, oanjeftes en tsjûgen. De ferhoaren fan de blokkearders binne middeis begûn. De earste fertochte wie frij lakonyk oer de blokkade. Hy wie byrider en seit dat hy net presys wist wat der barre soe. It waard in dreech ferhoar. De fertochte beropt him op syn swijrjocht. Hy seit wol dat hy in goed gefoel oerhâlden hat oan de aksje.
Simone Scheffer oer it begjin fan de A7-rjochtsaak