Hartstichting makket him soargen oer tal Fryske AED's

De Hartstichting makket him soargen oer it tal AED's yn Fryslân. De dekking mei AED's dy't 24 oeren deis berikber binne, leit yn ús provinsje op 68 prosint. Fryslân sit dêrmei lanlik yn de middenmoat.
In AED-apparaat © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De dekking is yn Súd-Hollân it leechste mei 51 prosint en yn Limboarch it heechste mei 80 prosint. De dekking op de Waadeilannen Flylân en Skiermûntseach is 100 prosint, seit de Hartstichting. Dy makket him soargen oer de dekkingsgraad.

Lanlik netwurk

Der binne op dit stuit 15.000 defribilatoaren yn Nederlân, wêrfan in tredde net 24 oeren deis beskikber is. Dat moatte der eins 30.000 wurde, om ta in lanlik dekkend netwurk te kommen. Dêr komt by dat mear as in tredde fan de Nederlanners net wit wêr't se it reanimaasjeapparaat fine kinne.