Stêdhûs Ljouwert leit rôze loper út

08 okt 2018 - 11:29

Foar it stêdhûs fan Ljouwert is in rôze loper útlein en út de riedseal stekt de reinbôgeflagge. Sa wol Ljouwert omtinken jaan oan 'Coming Out Day 2018' takom tongersdei. De Ljouwerter riedsleden dy't meidogge oan dizze aksje, hoopje dat der op mear plakken yn de provinsje rôze lopers útrôle wurde sille.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Gjin stipe fan kristlike partijen

De ChristenUnie en it CDA yn Ljouwert stypje de aksje net. Neffens fraksjefoarsitter Sytse Brouwer fan CDA Ljouwert, wurde der bepaalde minderheden passearre as allinnich omtinken jûn wurdt oan diskriminaasje fan homoseksuelen. "Er is ook discriminatie van vrouwen, gehandicapten en op basis van geloof. Wij zouden graag voor alle mensen de loper uitleggen, niemand uitgezonderd."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)