Fries Museum yn de hjerstfakânsje ek jûns iepen

08 okt 2018 - 11:23

It Fries Museum yn Ljouwert is yn de lêste wike fan de Escher-tentoanstelling ek jûns iepen. Yn de hjerstfakânsje fan 20 oant en mei 28 oktober kinne minsken oant acht oere jûns it wurk fan Escher besjen, útsein op freed 26 oktober en snein 28 oktober. Dy jûns binne der besletten aktiviteiten yn it museum.

'Relativiteit', houtsnede út 1953 - Foto: www.mcescher.nl

De lêste wike fan de Escher-tentoanstelling falt yn de hjerstfakânsje, gewoanwei in drokke perioade. It museum riedt minsken mei klam oan om op 'e tiid te reservearjen fia ynternet. Hast alle wykeinen binne al útferkocht.

Boppe ferwachting

Oardel wike lyn kaam de 200.000ste besiker nei it museum foar de Escher-tentoanstelling. It doel wie om 120.000 besikers te lûken. Hjir is it Fries Museum dus al rom oerhinne.

Trefwurden: 
Fries Museum Escher LF2018
(advertinsje)