Doeksen skoart goed neffens reizgers

08 okt 2018 - 11:22

Rederij Doeksen skoart goed op harren boattochten nei Flylân en Skylge. Reizgers nei Flylân joegen Doeksen in 8,5 en de ôffeart nei Skylge skoart in 8,3. De sifers komme út it klantfreonlikensûndersyk dat Doeksen elk jier hâlde moat yn opdracht fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer.

Fearboat Friesland yn de haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Dit jier waarden de passazjiers tusken maaie en juny frege nei harren befinings. Se waarden frege sifers te jaan op 19 ferskate ûnderwerpen, lykas it sitplak, skjinnens fan it skip, it sanitêr, klantfreonlikens fan it personiel en romte foar de bagaazje.

Grutsk op sifers

Direkteur Paul Melles is bliid mei de útslach. "Samen met onze medewerkers zijn we erg trots op deze cijfers. Vorig jaar scoorden we een 8,3 en een 8,1 en dat was al hoog. We zijn er gezamenlijk in geslaagd die scores zelfs te verbeteren."

(advertinsje)
(advertinsje)